Winterwurk

Winterwurk fan de Prot. Gem. Burchwert-Hartwert-Hichtum 2015-2016

catechisatie

De jongeren die catechisatie (gaan) volgen krijgen allemaal weer persoonlijk een uitnodiging. Er is in principe catechisatie voor twee groepen, een jongere groep en een oudere groep. Op de uitnodiging staan de data en de tijden met alle andere bijzonderheden. De eerste keer catechisatie is dinsdag 29 september 2015, voor de jongere groep om 19.45 uur, voor de oudere groep 20.30 uur. De eerste catechisatie is in Lollum, maar tenminste voor de jongste groep wordt het vervoer geregeld. De andere data zijn (tot en met eind 2015): 13 oktober (Burgwerd), 27 oktober (Lollum), 10 november (Burgwerd), 24 november (Lollum), 8 december (Burgwerd).

bibeljûnen: Simson

In fêst yngrediïnt fan it winterwurk binne de bibeljûnen, ôfwikseljend yn Burchwert yn Lollum. Dit jier wurde de jûnen wer yn Burchwert holden. Elke kear kieze wy in bibelsk tema of in stik út ’e Bibel om ús dêr meiinoar yn te ferdjipjen. Foar dit jier binne dat de ferhalen fan Simson. De sterkste man út ’e Bibel? Foarbyld fan sinleas geweld? Primityf leauwen? Of skimeret der ek noch wat fan Gods leafde en syn takomst troch dizze ferhalen hinne?

De jûnen wurde dit jier holden op woansdei: de datums binne 7 oktober, 21 oktober, 11 novimber en 25 novimber 2015, hieltyd om 20.00 oere yn it Doniahûs te Burchwert. Dus ien kear yn ’e fjirtjin dagen.

Foarkennis is net nedich, ynteresse yn it bibelferhaal fan Simson is genôch. Yn ’e praktyk docht bliken, dat wy it measte leare fan elkoar. Jo binne tige wolkom!

orgelconcert met Willem Kuipers

Er staat ook al weer een orgelconcert gepland: deze keer met Willem Kuipers, één van onze vaste organisten. Wie hem één keer heeft gehoord weet, dat zijn naam staat voor orgelmuziek die iets in beweging zet binnen in jezelf. Muziek is emotie, en dat laat Kuipers horen! Dit concert staat 30 oktober om 8 uur ’s avonds.

húskeamerpetearen

Yn it nije jier wolle wy ek graach wer gelegenheid biede om mei elkoar yn ’e ynformele sfear fan de húskeamer te praten oer in ûnderwerp dat minsken dwaande hâldt. Omdat wy de aktualiteit fan begjin 2016 no noch net witte, lizze wy noch net in ûnderwerp fêst. Wol hearre wy graach wat jim belangrike ûnderwerpen fine. En fansels: wa wol gasthear of gastfrou wêze?

Wy hoopje tige, dat wy mei dizze (en oare) aktiviteiten in sinfolle bydrage jouwe oan de doarpsmienskip yn Burchwert, Hartwert en Hichtum, en dat jim de muoite nimme wolle, om it strookje hjirûnder yn te foljen en yn te leverjen yn ’e tsjinst op it startwykein, of oars yn ’e brievebus fan Tineke Eringa-Dijkstra of fia in mailtsje nei Margje Andela: m.andela12345@gmail.com.

——————

0                     Ja, ik jou my op foar de bibeljûnen oer Simson

0                     Ja, ik wol yn jannewaris graach in útnoeging hawwe foar in húskeamerjûn. Ik wol wol / gjin gasthear/-frou wêze. In gaadlik ûnderwerp fyn ik ………….

Namme, tillefoan en evt. eameladres: