Tsjerkepaad 2018

De tsjerkedoarren steane ek dit jier wer foar jo iepen!

Rin eefkes binnen foar de skiednis fan de âlde tsjerke, it interieur, de oargelmusyk, de skilderijen, de bylden, it oantinken…

Wêr?

Yn de tsjerken fan Burchwert en Hichtum

Wannear?

14 july, 4 augustus, 25 augustus en 8 septimber

Tiid:

Sneontemiddeis fan 13.30 oant 17.00

Bysûnderheden:

Yn de tsjerke fan Burchwert fersoarget de skilderklub fan Burchwert in tentoanstelling wêrûnder skilderijen oer Tsjêbbe Hettinga en syn libben. Dêrneist binne der noch ferskate oare skilderijen te sjen.

Yn de tsjerke fan Hichtum binne skilderijen fan Annemarie Zijsling te sjen en bylden fan Ant v.d. Burg tentoansteld.

Fan herte wolkom allegearre! (De tagong is frij).

Prot. Gemeente Burchwert – Hartwert – Hichtum